Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Oandreaun troch in missy. Mooglik makke troch minsken.

Wy binne gjin normaal techbedriuw. De dingen dy’t wy meitsje jouwe de foarkar oan minsken en harren privacy boppe winst. Wy besteane om it ynternet foar elkenien in sûner en lokkiger plak te meitsjen.

‘De sûnens fan it ynternet en it online libben is wêrom’t wy bestean.’

Mitchell Baker, Executive Chair fan de Board, Mozilla Foundation

Mozilla makket produkten dy’t privacy respektearje

‘Mozilla nimt de gok om de wrâld sjen te litten dat der in bedriuw te meitsjen is mei betroubere AI. Dat omfettet it pleatsen fan dingen lykas minskerjochten, gegevensbeskerming en transparânsje sintraal te stellen yn hoe’t dizze komplekse systemen wurkje.’

Politico

Is Mozilla in bedriuw of in non-profitorganisaasje? Eins beide.

Mozilla bestiet út twa organisaasjes. De Mozilla Corporation is folslein eigendom fan de non-profit 501(c) Mozilla Foundation. Dat betsjut dat wy oan gjin inkelde oandielhâlder ferplichte hawwe – allinnich oan ús missy.

Ynfo oer de Mozilla Foundation

Striid mei foar in sûn ynternet.

Jo stim. Jo koade. Jo ideeën. Der binne letterlik tûzenen manieren wêrop jo bydrage kinne oan Mozilla.

Wurd frijwilliger bij Mozilla

Dy iene kear dat wy ús boarnekoade fuort joegen…

It Mozilla-projekt waard oprjochte yn San Francisco yn 1998, doe’t de browser Netscape it radikale beslút naam om syn programmakoade oan it publyk fuort te jaan om derop troch te bouwen en te ferbetterjen. Op dat stuit hie ien bedriuw in firtueel monopoalje oer hoe’t minsken it ynternet belibben.

Uteinlik feroare it iepen-boarneprojekt Mozilla yn de hiel populêre earste ferzje fan Firefox.

Tsjintwurdich set Mozilla harren beweging troch nei in better ynternet mei miljoenen aktive mienskipsleden dy’t fan oer de hiele wrâld, pleitsje foar etyske technyk, betroubere AI en produsearje privacyrjochte produkten dy’t mear macht jouwe oan de minsken.