Mozilla is net in tradysjoneel softwarebedriuw. Wy binne in globale mienskip dy't himsels derop taleit om iepenboarne programma's en technologyen te meitsjen dy't de online erfaring ferbettert foar minsken oeral yn 'e wrâld. Wy binne programmeurs, markûndersikers, testers, en adviseurs fan oer de hiele wrâld dy't gearwurkje om der foar te soargjen dat it Web in iepen, dielde publike boarne bluiwt. Wy tinke dat iepen standerts it kiezen en ynnovaasje mooglik meitsje en fersterkje en dat elkenien oeral rjocht hat op de feilichste, fluchste en best mooglike online erfaring.
Us bekraone, iepenboarne programma's en technologyen wurde fergees oanbean oan minsken oeral, yn mear as 40 talen.
Mozilla hat syn haadkantoar yn Mountain View, California mei regionale kantoaren yn Auckland, Beijing, Kopenhagen, Parys, Tokio en Toronto.
