Dus jo wolle graach helpe? Geweldich! Jo hoege net in C++goeroe te wêzen (of sels mar te witten wat dat betsjut!) en jo hoege der net folle tiid yn te stekken.
Maklike manieren om mei te dwaan
- Fertel jo famylje, freonen en kollega's oer Mozilla produkten
- Help oare minsken op ús bulletinboards en stipefoarums
- Slút jo oan by it mienskipsmarketingteam en help mei mei ús publike kampanjes
- Stjoer foaral gegevens nei it ûntwiklerteam as de browser ferûngelokket
- Nim kontakt op mei websteeën dy't net goed wurkje mei Mozilla produkten
- Doch in donaasje oan de Mozilla Foundation
Foar de mear technysk-oriïntearre
- Kom by it kwaliteitsgarânsjeteam en rapportearje bugs en oare problemen dy't reparearre wurde moatte
- Help mei it skriuwen of bewurkjen fan dokumintaasje foar ûntwikkelers
- Help mei it skriuwen of bewurkjen fan dokumintaasje foar brûkers
- Meitsje it ekosysteem fan Firefox noch riker troch in tafoeging te ûntwikkeljen
- Reparearje in bug of skriuw koade foar it projekt
